Nije haadsponsor KNKB
Fryslân Boppe Oranjewoud is fan 1 jannewaris 2014 ôf de nije haadsponsor fan it keatsbûn KNKB. Nei de oername fan de Friesland Bank, al jierren de haadsponsor fan it keatsbûn, troch de Rabobank waard al rap dúdlik dat FB Oranjewoud de nije haadsponsor wurde soe.
It giet om in kontrakt fan fjouwer jier oant en mei 2017. Beide partijen wolle net sizze om hokfoar bedrach it krekt giet, mar de KNKB-begrutting foar 2014 lit op de post sponsoring en advertinsjes in ferheging sjen fan 57.000 euro yn fergeliking mei 2013.