'Gjin nije dyk Kollum'
Der sil de kommende jierren noch gjin eastlike ûntslutingsdyk oanlein wurde tusken Kollum en de rûnwei om Bûtenpost. Undernimmers yn Kollum hawwe moandei in petysje mei dizze winsk oanbean oan wethâlder Jelle Boerema. Mar de oanlis fan de dyk kostet sa'n 5 miljoen euro en dat jild hat Kollumerlân net.
Troch de oanlis fan de ûntslutingsdyk hoege frachtweinen net mear troch it doarp te riden en binne se rapper fia de provinsjale dyk by Bûtenpost en Surhústerfean op de A7.
It oanfreegjen fan in provinsjale bydrage út de Nuon-jilden is foar Kollumerlân gjin opsje om't se dan as noch in bedrach meibetelje moatte.