Sven Kramer wer de bêste

Sven Kramer hat yn Salt Lake City wer sjen litten dat de 5000 meter syn ôfstân is en bliuwt. Yn in prachtige rit tsjin Jorrit Bergsma sette Kramer nei 3800 meter de turbo derop. Mei in rûntsje fan 27.6 wie it ferskil makke. De eintiid fan Kramer wie 6.04.59. Hy hat no de bêste trije 5 km tiden ea: syn wrâldrekôrtiid 6.03.32 fan 2007, de 6.04.46 fan ferline wike yn Calgary en de tiid fan Salt Lake. Jorrit Bergsma kaam út op 6.08.13, goed foar brûns. Bob de Jong pake it sulver mei in persoanlik rekôr fan 6.07.43.
Jan Blokhuijsen waard tolfde yn 6.15.51. Douwe de Vries waard twadde yn de B groep mei in moai persoanlik rekôr fan 6.14.53.