Pear oertredings by kontrôle

De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon op ferskate lokaasjes yn Ljouwert alkoholkontrôles holden. Fan de 800 bestjoerders dy't blaze moasten, hawwe fjouwer automobilisten en fjouwer snor- en bromfytsers in bekeuring krigen.
In 43-jierrige Ljouwerter moast syn rydbewiis ynleverje, mar it die bliken dat dat ûnjildich wie. De auto fan in 27-jierrige Rotterdammer is ynnommen om't er al faker oanholden wie foar it riden ûnder ynfloed. Boppedat hie er in falske namme opjûn.
Trije oare Ljouwerters binne oanmeld by it CBR foar it dwaan fan in ferplichte kursus. In snorfytser út Ljouwert moast syn snorfyts ynleverje, om't er al ferskate kearen sûnder rydbewiis riden hat. Tsjin alle fertochten is proses-ferbaal opmakke en is in rydferbod oplein.