DFM: FNP bliuwt de grutste
Nei it tellen fan alle 45 stimburo's is de FNP de grutste partij yn de nije gemeente De Fryske Marren. Neffens in foarriedige berekkening komt de FNP út op 9 sitten yn de nije ried, de CDA op 8, de PvdA op 4, de VVD op 3, de ChristenUnie op 2, D66 op 2 en de NCPN fan Rinze Visser op 1.
Nijkommers GrienLinks en NPP (Nieuw Politiek Peil) komme beide mei ien sit yn de nije gemeenteried. CDA-listlûker Frans Veltman reagearre woansdei licht teloarsteld op de útslach. Syn ynset wie om fan it CDA de grutste partij te meitsjen.