Bewust net stimme yn Sint Nyk

Op de dei fan de tuskentiidske gemeenteriedsferkiezings yn de trije weryndelingsgemeenten binne ek minsken dy't bewust net stimme. Op it stimburo yn fersoargingshûs Doniahiem yn Sint Nyk hat Herman van der Werf dêr in reden foar.
De eardere direkteur fan boubedriuw Van der Werf gie yn maart dit jier fallyt. Hy is teloarsteld dat er nei it fallisemint mar fan twa riedsleden wat heard hat. Hy fielt him yn de steek litten. In soad Sint Nyksters sitte sûnt dy tiid wurkleas thús. De hûndertjierrige bewenster frou Van der Weij stimt wol.