Dief skopt meiwurker winkel

In 26-jierrige Harnzer is tiisdei yn syn wenplak oanhâlden. Yn in winkel oan de Kimswerderweg is er trappearre by it stellen fan skuon. Om fuort te kommen, skopte er in meiwurker fan de winkel. Omstanners pakten him beet en wurken de man tsjin de grûn. Dêrby rekke in persoan ferwûne oan de hân. De plysje hat de man meinaam en ynsletten foar ûndersyk.