Nammen dj's Glêzen Hûs bekend

De dj's Giel Beelen, Paul Rabbering en Coen Swijnenberg geane it Glêzen Hûs yn foar Serious Request. Dat is tiisdei bekend makke op radiostjoerder 3FM. It Glêzen Hûs stiet fan 18 oant en mei 24 desimber yn Ljouwert.
De dj's meitsje 6 dagen lang non-stop radio sûnder te iten ûnder it motto 'Let's clean this shit up'. Sa besykje se safolle mooglik omtinken te freegjen en jild op te heljen foar de oanpak fan diarree. Neffens 3FM stjerre alle jierren goed 800.000 bern oan diarree omdat der net genôch skjin drinkwetter, sjippe en húskes binne.
Dj Gerard Ekdom hat al oanjûn dit jier net yn it Glêzen Hûs te sitten, mar is fan doel in ytkafee te iepenjen yn Ljouwert om sa jild op te heljen. De Serious Request-aksje smiet ferline jier mear as 12 miljoen euro op.