CRV wol nei Ljouwert ferhúzje
De Coöperatie Rundvee Verbetering, de CRV, wol ferhúzje nei Ljouwert. De bollefokkerij siket in plak flakby de Dairy Campus yn Ljouwert. De fokkerijen fan de CRV binne no noch ferspraat oer twa lokaasjes yn Terwispel en Harfsen (Oerisel). Dat moat ien lokaasje wurde.
De CRV wol nei Ljouwert om nauwer gear te wurkjen mei de Dairy Campus. Op de nije lokaasje is plak foar tweintich folsleine banen. Der moatte trijehûndert kij komme te stean.