Autosaken fertocht fan fraude

© ANP
Autobedriuwen yn Achtkarspelen en Kollumerlân wurde fertocht fan belestingfraude. Twa meiwurkers fan de belestingtsjinst binne moandei oppakt yn Grins. Sy soene omkocht wêze om ferkearde gegevens op belestingoanjeften net te kontrolearjen. Fierder is der in autohanneler út Grins oppakt mei syn boekhâlder en in oare meiwurker.
Ek autobedriuwen yn Meppel, Emmen, Hardenberg, Stadskanaal en Staphorst wurde fertocht fan belestingfraude. Der is beslach lein op mei elkoar tachtich auto's.