EVT fart troch

De Eigen Veerdienst Terschelling biedt foar takom jier gewoan wer kaartsjes oan foar de oertocht nei Skylge. Foar fiif euro kinne minsken mei de EVT nei it eilân, nettsjinsteande it ferbod dat steatssekretaris Mansfeld oplizze wol oan de rederij. De Twadde Keamer hat earder al oanjûn dat de steatssekretaris dat net samar dwaan kin. Der moat earst in debat oer fierd wurde.
Tusken de rederijen EVT en Doeksen hearsket grutte konkurrinsje wat de oertocht nei Skylge oanbelanget. Doeksen soe ôffearten skrasse moatte.