Bou brede skoalle Jouwer begûn
De bou fan de brede skoalle op 'e Jouwer is moandei úteinset. Yn de skoalle sil plak wêze foar de E.A. Borgerskoalle, Zuiderveldskoalle en de Lyts Luchtenveldskoalle. Der hat in soad te dwaan west oer de bou, omdat in boubedriuw fan bûten Fryslân de opdracht taskikt krigen hat, wylst yn Fryslân bouwers fallyt giene.
It doel is dat de brede skoalle yn augustus takom jier klear is. It skoallejier 2014-2015 kinne de bern dan nei it nije skoallegebou ta.