Koelstra nimt oar bedriuw oer

Bernewein- en buggyfabrikant Koelstra op De Gordyk hat it bedriuw Little Company yn Loenen aan de Vecht oernaam. Little Company is spesjalisearre yn hippe fersoargingstassen en sliepsekken foar lytse poppen en pjutten. De aktiviteiten fan Little Company ferhúzje troch de oername nei De Gordyk. It merk Little Company bliuwt wol bestean.
Oer it oernamebedrach wurde gjin meidielings dien. Koelstra is oprjochte yn 1934. Little Company it in jong bedriuw út 1999.
De oername komt ta stân kaam nei ferskate moannen fan ûnderhanneling tusken de direkteuren Jan Arend Koelstra en Marc Ernst.