Automobilist út sleat rêden

Berging fan de ferûngelokke auto by Aldeberkeap © Tino Broekstra, 112 Nederland
In 38-jierrige man út Aldeberkeap is sneintejûn út syn auto rêden, nei't er yn it wetter riden wie. Dat wie op de Heerenveenseweg yn syn wenplak.
Doe't de plysje oankaam, wie de brânwacht dwaande de man út 'e auto te heljen. Hy wie ûnderkuolle en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Dêr is bloed fan de bestjoerder ôfnaam, omdat er mooglik dronken hie.