Knegt nei heale finale 1500 m.

Shorttracker Sjinkie Knegt hat him sneon by it Olympyske kwalifikaasjetoernoai yn Turijn pleatst foar de heale finale fan de 1500 meter. Knegt koe yn de kwartfinale noch krekt de fallende Sinees Yongjun Yu ûntwike, mar hie it dêrnei dreech om wer by de kop te kommen. Krekt foar de finish slagge er deryn om de Japanner Keita Watanabe achter him te hâlden, wêrtroch't de Bantegeaster as tredde oer de einstreek kaam en him dêrmei pleatste foar de heale finale.
Letter op de dei sil de finale riden wurde.