Grut ferlies fuotbalfroulju

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean hawwe freed mei 5-0 ferlern fan Telstar. Yn it TATA Steel Stadion kamen de froulju fan trainster Jessica Torny nei in lyts heal oere op efterstân. Foar it skoft wreide Telstar de marzje út nei 2-0. Nei rêst soarge in eigen goal fan Maruschka Waldus foar de tredde Telstartreffer. Dêrmei koe de thúsploech ienfâldich de wedstriid útspylje.
Troch it ferlies stiet SC Hearrenfean net langer boppe-oan yn de BeNe League. FC Twente, Standard de Liège en PSV/FC Eindhoven gean oan de lieding.