Eigen sutelaksje skriuwers

In groep fan goed tweintich Fryske skriuwers plus frijwilligers hat sneontemoarn hûs-oan-hûs Frystalige boeken ferkocht yn Bitgum, Bitgummole en Ingelum. De ferkeap fan Fryske boeken yn winkels is net mear wat it west hat. Fryske boeken binne dreech te krijen yn boekwinkels. Boppedat hat it ferdwinen fan de jierlikse offisjele Sutelaksje in negatyf effekt op de ferkeap. In oprop op Facebook brocht de groep Fryske skriuwers byelkoar. Sa is de eigen sutelaksje in feit wurden.
De ferkeap fan Fryske boeken yn Bitgum, Bitgummole en Ingelum hat sneon goed fjouwertûzen euro opsmiten.