Lêste bertebeammen plante
Yn de gemeente Gaasterlân-Sleat wurde sneontemoarn de allerlêste bertebeammen útdield. Sûnt 1980 is it yn it suden fan 'e provinsje de gewoante om âlden fan lytse poppen krekt nei de berte in beam te jaan. It idee wie dat de gemeente sa grien bliuwe soe. De tradysje is no lykwols te djoer wurden en is dêrom fuortbesunige.
De lêste beam gie nei Iris Homma út Wikel. Sy waard berne op 3 augustus fan dit jier. Yn de gemeente Gaasterlân-Sleat binne nei alle gedachten yn de ôfrûne 33 jier goed 2500 beammen útdield.