Man mei drugs trappearre

In 25-jierrige Drachtster is freedtejûn trappearre mei drugs. By in kontrôle op de Leidyk yn syn wenplak fûn de plysje speed yn de auto fan de fertochte.
Op it buro joech de Drachtster ta dat er yn it hûs fan syn freondinne noch mear drugs hie. Dêr waard nochris 70 gram speed fûn.