Univé fierder mei Hearrenfean

Haadsponsor Univé ferlingt it kontrakt mei SC Hearrenfean. Dat ha beide partijen bekindmakke. It sponsorkontrakt is mei twa jier ferlingd, oant en mei 2016. Dêrmei binne Hearrenfean en Univé al 15 jier oan mekoar ferbûn, neffens de partijen "unyk yn de vaderlandse fuotballerij".