Hospes sechsde op 500 meter

Jesper Hospes fan It Hearrenfean is freedtejûn sechsde wurden op de 500 meter by de earste wrâldbeker reedriden yn Calgary. Hospes ried in tiid fan 34,67. Dat wie deselde tiid as dy fan Snitser Jan Smeekens. Hy krige it sânde plak.
De wrâldbeker waard wûn troch Ronald Mulder yn 34,41. It wie syn earste winst yn it wrâldbekersirkwy.