Henk ten Hoor wer fallyt

Goed in jier nei de oername is kleanketen Henk ten Hoor tongersdei opnij fallyt ferklearre. De keten gong ferline jier oktober ek al fallyt. Doe kaam der in trochstart foar 63 fan de 103 festigingen trochdat Romani Belizzingen de keten oernimme woe.
Foar 10 fan de 17 Fryske winkels wie der in trochstart, mar dy binne no ek troch de rjochtbank yn Assen fallyt ferklearre. Sa'n 40 Fryske meiwurkers reitsje it wurk kwyt. Se wachtsje noch op it lean fan oktober. De minne maitiid en de konkurrinsje fan webshops ha de keten nekt.
Neffens Gea Lotterman fan it fakbûn FNV sil der no troch in kurator opnij sjoen wurde nei oernamekandidaten.