Fragen Fryske PvdA oer JSF
De Fryske PvdA wol sa gau mooglik kontakt ha mei de eigen keamerfraksje, om te hearren wat de tasizzings fan minister Hennis-Plasschaert wurdich binne oer it lûd fan de JSF. De PvdA yn de Twadde Keamer gong woansdei nei in lang debat akkoart mei de oanskaf fan 37 Joint Strike Fighters, as opfolger fan de F16.
De partij die dat, neidat de minister tasein hie dat besteande lûdsnoarmen perfoarst net oprekt wurde sille. Dat soe as konsekwinsje hawwe kinne, dat der minder flein wurde kin mei de nije tastellen.
Dat soe wer as konsekwinsje ha kinne dat der minder wurkgelegenheid komt op de fleanbasis yn Ljouwert.