Cambuur-Utrecht op 18 desimber

De bekerwedstriid tusken Sportklup Cambuur en FC Utrecht wurdt woansdei 18 desimber om 15.30 oere spile. De bysûndere datum komt troch it kompetysjeprogramma fan beide ploegen. Dêrneist moat de wedstriid fanwege de start fan Serious Request middeis al spile wurde. Direkteur Gerald van den Belt neamt de begjintiid fan de wedstriid in drama. Twa grutskalige eveneminten foarmje neffens gemeente en plysje in risiko. Oare data wienen net mooglik en it spyljen op neutraal terrein wie ek gjin opsje.
Dizze tiid sil de Ljouwerter fuotbalklup sa'n 25.000 euro kostje. Fuotbalklup FC Utrecht hat by de KNVB offisjeel beswier makke tsjin it tiidstip fan de wedstriid.