Ekstra stimulâns Frysk Erfgoed
De provinsje Fryslân wol de stimulearring fan Frysk erfgoed nei dit jier noch twa jier langer trochrinne litte. Dit yn ôfwachting fan de nije omjouwingsfisy. It giet dan jierliks om in bedrach fan 3.6 miljoen euro. Boppedat wol de provinsje fanút de Nuon-jilden oant en mei 2017 ek nochris 8 miljoen euro yn it Frysk erfgoed stekke. It giet dan om restauraasje, ûnderhâld en nije bestimmingen fan monuminten. It wurk smyt de Fryske ekonomy ek noch ris 360 manjierren op. Boppedat krije 60 learlingen ek in opliedingsplak op it mêd fan restauraasje.
Yn desimber nimme de Steaten in beslút oer if foarstel fan Deputearre Steaten om de stimulearringsregeling Frysk erfgoed noch twa jier trochrinne te litten. De regeling giet dan yn 2014 yn.