Omtinken foar fergetten kninen
Der wurde alle jierren sa´n 12.000 kninen nei de knine-opfang brocht. De eigeners hawwe dan har nocht fan it bist en bringe it sels of de kninen wurde dumpt yn de natoer of yn parken of wurde troch oaren brocht. Om omintken foar dit probleem te freegjen hat de lanlike Stichting Konijnen Belangen de moanne novimber útroppen ta 'Maand van het vergeten konijn´.
By knine-opfang Joy yn Ljouwert wite se alles fan it probleem, want it tilt der op fan de ´fergetten kninen´. Sympatisanten kinne helpe troch sa'n knyn te adoptearjen.