Bou-ôffal dumpt yn natuer
It komt hieltyd mear foar dat ôffal weismiten wurdt yn de natuer. Dat seit Steatsboskbehear. Sa waard in komplete karavan fol mei bou-ôffal op it parkearplak 't Groote Veen yn it Drents-Friese Wold by Appelskea fûn.
Der sieten ûnder oaren gipsplaten, plestik en âld izer yn de karavan. De eigener wie net mear te efterheljen. Dêrom draait Steatboskbehear op foar de kosten. It opromjen kostet likernôch 1000 euro.