Arriva giet foar de Fyra

© ANP XTRA
It CDA en D66 yn de Twadde Keamer wolle dat ek ferfiersbedriuw Arriva de kâns krijt om it Fyra-trajekt tusken Amsterdam en Brussel yn hannen te krijen. Dat die moandei bliken yn it debat yn de Keamer oer de takomst fan it trajekt.
Nei it mislearjen fan it Fyra-projekt hat de NS in alternatyf plan betocht mei yntercity-treinen en it kabinet fynt dat foldwaande. Yn de Keamer binne der lykwols in soad fragen oer dizze nije ôfspraken. Sa soe it neffens guon partijen gean om in nije oanbesteging en dêr soe ek Arriva meidwaan kinne moatte.
Arriva-direkteur Anne Hettinga wie in pear wiken lyn te gast yn de Keamer om syn plannen foar it Fyra-trajekt útien te setten. Hy seit folle earder as de NS mei rappe treinen ride te kinnen. Hy warskôget foar juridyske gefolgen as it kabinet foar de NS kiest op it eardere Fyra-trajekt tusken Amsterdam, Den Haach en Brussel. Yn in brief oan minister Dijsselbloem skriuwt direkteur Anne Hettinga fan Arriva dat it kabinet mei de kar grutte risiko's nimt. Neffens him wurde dêrmei net de offisjele regels foar oanbesteging folge en mooglik is it sels ferbeane steatsstipe.