Ferwûnen by ûngelok by Hichtum

Ambulânse © ANP
By in oanriding op de Westergoawei yn Hichtum binne sneintemiddei twa 21-jierrige ynwenners út de gemeente Littenseradiel ferwûne rekke. De manlju joegen op in krusing gjin foarrang oan in 54-jierrige bestjoerder út Hallum, in botsing wie it gefolch. Der waard ek noch in tredde auto rekke.
De 54-jierrige Hallumer en syn ynsittenden waarden troch ambulânsepersoniel ûndersocht en hoegden net nei it sikehûs. De bestjoerder fan de tredde auto kaam mei de skrik frij. De beide 21-jierrige manlju binne mei ûnbekend letsel nei it sikehús brocht.