De Vries twadde yn Utrecht

Bob de Vries © ANP
Maratonrider Bob de Vries fan De Haule is sneon twadde wurden by de fjirde westriid om de KPN maraton cup. Yn Utrecht wie Gary Hekman út Hardenberg de rapste yn de einsprint. It tredde plak wie foar de Italiaan Fabio Francollini. Nei 4 wedstriden giet Bob de Vries oan de lieding mei 115,1 punten. Hekman stiet twadde (73,2), folge troch Frank Vreugdenhil (73,1).
By de froulju wie de winst foar Irene Schouten út Andijk. It twadde plak wie foar Janneke Ensing, folge troch Foske Tamar van der Wal. Ensing hat ek de lieding yn it klassemint