Lykspul by FVC-MSC
FVC spile sneontejûn yn de haadklasse C fan it sneinsamateurfuotbal op eigen fjild mei 1-1 lyk tsjin MSC. De ploech út Meppel kaam yn de earste helte op in 1-0 foarsprong. Yn de twadde helte hie FVC it bettere fan it spul en de Ljouwerters kamen fia Wesley Tanink op 1-1. Hy skoarde fan alve meter. FVC stiet yn de haadklasse no op it fiifde plak, mei 13 punten út acht wedstriden. Snits Wyt Swart is koprinner mei 17 út acht.