Krisissintrum De Friese Wouden
Soarchorganisaasje De Friese Wouden hat yn Drachten in krisissintrum ynrjochte om de help te koördinearjen oan de meiwurkers dy't sneon ferwûne rekken by in slim busûngelok op de A1 by Muiden. Dat seit direkteur Aukje Reinders. By it busûngelok binne sneon sa'n 15 minsken ferwûne rekke. Twa swier ferwûnen binne nei it AMC brocht. De oare ferwûnen binne opheind yn it kalamiteitehospitaal yn Utrecht.
Trije fan de seis bussen fan de personielsreis fan De Friese Wouden rekken sneontemiddei belutsen by in grut ûngelok.
Mei-inoar giene sneontemoarn 360 minsken op reis nei de musical Sister Act yn Skeveningen. It giet om meiwurkers fan De Friese Wouden en de partners en bern fan guon fan harren. Foar minsken dy't ferlet hawwe fan mear ynformaasje hat De Friese Wouden in spesjaal tillefoannûmer iepene: 088-5120000. It hat foarearst gjin doel om mei it krisissintrum te kommen, seit direkteur Reinders. De soarchorganisaasje sil alle oaren de lêste stân fan saken trochjaan fia Omrop Fryslân.