Freon fan Soarchbelang
Minsken dy't dat wolle, kinne freon wurde fan Soarchbelang Fryslân, in belange-organisaasje foar soarchkliïnten. De nije leden betelje 50 euro yn 't jier en krije dêrfoar in online sûnenscoach en koarting op produkten.
Soarchbelang Fryslân docht al fan alles foar minsken yn de soarch. Mar dat giet meastentiids yndirekt fia organisaasjes lykas pasjintesoarch. Mei it freonekonsept kinne minsken harren direkt by Soarchbelang oanslute en de organisaasje finansjeel stypje. It idee waard freed lansearre op in kongres oer de soarch yn Ljouwert.