Frânske akteurs yn Faderpaard

De Frânske teatergroep Théâtre de Centaure sil meispylje yn de muzykteatershow Faderpaard yn it WTC Expo yn Ljouwert. It teaterselskip út Marseille sil trije optredens yn de show fersoargje mei akteurs op Fryske hynders. Regisseur Jos Thie helle it Frânske selskip yn 2007 ek alris nei Nederlân foar in optreden op Oerol.
Nei oanlieding fan de ferwachte belangstelling foar Faderpaard is alfêst in ekstra foarstelling ynplend op tongersdei 9 jannewaris.
Earder waard bekend dat de Amerikaanske skriuwer Dan Brown in besite bringe sil oan de show Faderpaard en de jierlikse hynstekeuring yn Fryslân. Brown is in grut leafhawwer fan it Fryske hynder.