RTL: measte ynbraken Ljouwert
Yn de Blommebuert yn Ljouwert wurdt relatyf it faakst ynbrutsen fan alle wenwiken yn Nederlân. Dat meldt RTL Nieuws tongersdei op basis fan it nije 'Misdaad in kaart' fan de plysje. Op dizze webside kinne minsken op harren postkoade sykje en it oantal ynbraken yn harren wyk besjen.
Yn de Blommebuert waard de ôfrûne trije moanne 25 kear ynbrutsen.