Achterstân ûnderhâld skoallen
Ek yn Fryslân is sprake fan grut achterstallich ûnderhâld oan skoalgebouwen. Dat seit direkteur Mark Vrolijk fan Underwiisgroep Fier. Dêrby giet it benammen om skoallen dy't yn de jierren '70 boud binne. Dizze gebouwen foldogge net mear oan de hjoeddeiske easken as it giet om romte, mar ek om de steat fan it ûnderhâld. Mankeminten wurde yn in soad gefallen mei lapmiddels oplost. Gemeenten binne drok dwaande om plannen te meitsjen foar gearwurkingsskoallen yn krimpregio's. Neffens Vrolijk duorret it jierren foardat in nij skoalgebou der komt.