Kollumer skept fytser (13)

In 41-jierrige man út Kollum hat tongersdei in 12-jierrige fytser út Hellum oanriden. De bestjoerder joech de jonge gjin foarrang op in krusing yn Steendam. De fytser waard skept en belâne op de motorkap. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Neffens de Kollumer hie er de jonge net sjoen troch de leechsteande sinne.