Esra nije berneboargemaster

Esra Braaksma fan basisskoalle De Bron út Dokkum is woansdei keazen ta de fyfde berneboargemaster fan Dongeradiel. Sechtjin learlingen fan groep 7 en 8 út de gemeente hienen harren opjûn foar de ferkiezing. De bern moasten harsels yn trije minuten presintearje oan de sjuery besteande út riedsleden en mochten dêrby op de boargemastersstoel sitte.
Esra Braaksma wurdt tongersdeijûn yn de riedsgearkomste offisjeel ynstalleare as berneboargemaster.