Skea oan âlde Fryske tsjerken

In grut tal monumintale tsjerken fan de stifting Alde Fryske Tjerken hat skea oprûn troch de stoarm fan moandei. Trettjin fan de yn totaal 42 tsjerken binne skansearre rekke troch benammen beammen dy't omwaaid binne. It reparearjen fan de monuminten kostet de stifting in soad jild en der is gjin jild begrutte foar skea troch min waar. Ek is yn it ferline gjin stoarmskeafersekering ôfsletten. Oer it krekte skeabedrach is no noch neat bekend. Wol binne op in tal plakken al reparaasjes dien oan tsjerken om fierdere skea foar te kommen.