Famke (16) net goed troch GHB

In 19-jierrige frou fan De Westereen is foarige wike oanhâlden op fertinking fan hannel yn GHB. Se ferkocht it spul oan in famke fan 16 út Kollumersweach. Dat famke waard net goed nei't se de drug brûkt hie en moast yn de ambulânse nei it sikehûs. Dêr moast se in nacht bliuwe.
De fertochte is troch de rjochter-kommissaris yn bewar steld en sit noch fêst. De plysje is yn Noardeast-Fryslân dwaande mei ûndersyk nei lokale dealers en brûkers. In 19-jierrige jonge út Wâlterswâld is woansdei oanhâlden. De plysje slút mear oanhâldingen net út.
De plysje hat grutte soargen oer de hannel yn GHB yn de Fryske Wâlden. Der is maklik oan GHB te kommen, neffens de plysje yn elk doarp of stêd yn Fryslân. Boppedat is de eardere partydrug relatyf goedkeap. It gefaar skûlet der benammen yn dat je GHB sels meitsje kinne mei ûnder oare felgereiniger en goatstienûntstopper.