Lammers ferbjustere oer CDA
Wethâlder Jan Lammers fan Achtkarspelen is ferbjustere oer de manier wêrop't syn partij, it CDA, fernimme lit dat der gjin betrouwen mear yn him is. Hy leit om dy reden it wethâlderskip nei de ferkiezings fan 2014 del. De 57-jierrige Lammers hie ôfrûne woansdei in petear mei de betrouwenskommisje fan it CDA. Hy fernaam yn dat petear er te min betrouwen fan de achterban fan de partij kriget.
Lammers is sûnt 2010 wethâlder yn 'e gemeente Achtkarspelen. Hy is ûnder mear ferantwurdlik foar ekonomyske saken, wenningbou en romtlike oardering.
Foarsitter Jelle van der Veen fan it CDA-bestjoer yn Achtkarspelen is oant no ta noch net berikber foar in reaksje.