Slachfjild troch stoarm

Yn de Parkenwyk yn Houtigehage binne yn in koart skoft tiid 40 beammen omwaaid. Neffens omwenners is de ravaazje grut. It is it byld fan rûnom yn de provinsje. Op It Amelân waaiden ferskate beammen om op wenten en auto's. De eigener fan in chocolaterie op it eilân, dat is ien fan de âldste wenten fan it eilân mei ien fan de moaiste gevels, hie gelok. De twa beammen dy't dêr omwaaiden foelen krekt njonken it hûs.
Boubedriuwen hawwe it troch de stoarm smoardrok. Boubedriuw Friso krige allinnich al mear as 300 meldings fan skea.
Oare boubedriuwen krije ek in soad tillefoantsjes oer stoarmskea.