Beam út 1640 falt op tsjerke

Op Flylân hat de stoarm ek foar skea soarge. Tusken 12 en healwei ienen stie der wynkrêft 12 op it eilân. Der binne beammen omwaaid en dakpannen waaiden troch it doarp. De âlde yp dy't foar de tsjerke út 1640 stiet, is omwaaid en tsjin de tsjerke fallen. De tsjerke hat der skea troch oprûn.
In húske út 1625 op It Amelân is as troch in wûnder behâlden bleaun by de swiere stoarm fan moandei. Twa beammen foelen oan wjerskanten by it dak fan it húske del. It húske waard krekt net rekke.
Op Skylge is de skea troch de stoarm ek grut. Omfallende beammen, dakpannen dy't fan it hûs waaie en sprongen wetterliedings. Ek it Waadeilân hat dêrmei te meitsjen krige.