Lammers net by ferkiezings

Wethâlder Jan Lammers (CDA) fan Achtkarspelen docht net mei oan de gemeenteriedsferkiezings fan maart takom jier. Lammer seit dat er net genôch stipe kriget fan syn partij. It kolleezje fan b. en w. wol wol graach de rinnende perioade ôfmeitsje mei Lammers as wethâlder. Dat hat er tasein.