Liveblog: alles oer de stoarm

Der lûkt moandei in swiere hjerststoarm oer Fryslân. It KNMI hat sels it heechste waaralarm ôfjûn foar it noarden, koade read. It hichtepunt fan de stoarm is oan 'e begjin fan de middei.
Op dizze side op www.omropfryslan.nl folgje jo de sitewaasje yn 'e provinsje fan minút oant minút. Besjoch ek wat der skreaun wurdt op de sosjale media.
15:57 oere: It KNMI hat it waaralarm ynlutsen.
15:50 oere: It noardlike servicesintrum fan de plysje hat op it nûmer 0900-8844 mear as 3000 tillefoantsjes hân, dy giene foaral oer de stoarm.
15:25 oere: Brânwacht rûnom drok mei it oprêden fan omwaaide beammen.
15:14 oere: Vitens hat sechstich meldings krige oer wetterskea troch omfallen beammen.
15:08 oere: In âlde beam út 1640 falt tsjin in tsjerkegebou op Flylân
14:34 oere: Arriva meldt dat de bussen wer ride.
14:33 oere: De Wâldwei is wer iepen.
14:31 oere: Op de Snitsermar binne minsken fan in speedboat ôfhelle troch brânwacht en plysje.
14:27 oere: De wyn hat by de stoarm op guon plakken orkaankrêft berikt. Dat is krêft 12 of mear.
14:24 oere: De stoarm is stadichoan oan it ôfsakjen. Dochs bliuwt de wyn foarearst noch wol stoarmich.
13:46 oere: De meldkeamer hat in NL-Alert útdien mei de warskôging binnen te bliuwen.
13:20 oere: Sjoch hjirûnder foar foto's út de hiele provinsje wei.
13:19 oere: Bistetún Aqua Zoo yn Ljouwert docht de doarren ticht fanwege it waar.
13:18 oere: Yn Appelskea is in persoan nei it sikehûs brocht neidat der in beam op in auto foel.
13:09 oere: Der steane ferskate filmkes online. Let op it ikoantsje by nijsberjochten of sjoch hjir rjochts.
13:07 oere: De fearboat fan it Amelân kin net oanlizze yn Holwert en leit te wachtsjen. De pier is ôfsletten.
12:42 oere: Boargemaster Ravestein fan Opsterlân meldt gaos troch tsientallen omwaaide beammen.
12:42 oere: De Wâldwei is yn beide rjochtings ôfsletten fanwege omwaaide beammen. Treinferkear boppe Swolle is ek stillein.
12:41 oere: In part fan Amelân sit sûnder wetter of hat minder wetterdruk.
12:40 oere: Arriva hat it busferkear yn 'e hiele provinsje stillein.
12:38 oere: Yn Ljouwert is der stoarmskea by ferskate skoalgebouwene: by de NHL en Piter Jelles Ynsicht binne platen loswaaid en by it Stêdlik Gymnasium lizze ferskate beammen om.
12:27 oere: Meldkeamer Noord-Nederlân kin drokte net oan en ropt op allinne te beljen at it echt nedich is.
12:25 oere: Yn Dokkum is it dak fan de loads fan de Maxx-winkel ôfwaaid. Ek by oare gebouwen binne problemen.
12:23 oere: De boargemaster fan Opsterlân ropt har ynwenners op binnen te bliuwen.
12:02 oere: Der ride gjin treinen mear tusken Ljouwert en Grins, meldt Arriva op twitter. De N31 tusken de Ofslútdyk en Harns is ticht yn ferbân mei de hurde wyn.
12:01 oere: Training fan Cambuur is stillein fanwege reklamebuorden dy't loslitte yn it Cambuurstadion.
11:39 oere: Problemen op de Wâldwei troch in omfallen beam, beam leit foar in grut part oer de wei.
11:33 oere: Op de Aldlânsdyk yn Ljouwert stiet in file fanwege platen dy fuortwaaie by de nijbou fan Erasmushiem.
11:28 oere: Meldings fan stoarmskea yn Dokkum, Bears, Boelensleane, Peins en Gytsjerk.
11:24 oere: Gjin treinferkear mooglik tusken Akkrum en Ljouwert troch in stikkene boppelieding, fertraging fan in oere.
11:21 oere: By de brânwacht binne oant no ta 60 meldings binnenkaam fanwege de stoarm.
11:20 oere: Frachtwein kantele op de A6 by De Lemmer, de dyk rjochting Emmeloard is ôfsletten.
11:17 oere: De meldkeamer Noard-Nederlân krijt in soad meldings oer de stoarm, dêrtroch kin der in wachttiid wêze foar bellers.
11:10 oere: De wyn nimt nei 15.00 oere ôf, sa tinkt Pyt Paulusma.
11:09 oere: Op Flylân wurde útsjitters fan wynkrêft 11 mjitten.
11:07 oere: De Ljouwerter iishal is ûntromme, omdat der platen fan it dak loslitte.
11:02 oere: Fanwege de stoarm binne der ekstra kontrôles by de útbaarnde gebouwen oan de Kelders yn Ljouwert.
11:00 oere: Meldings fan stoarmskea yn Snits, Sint Anne en Ljouwert.
10:58 oere: De plysje yn Harns hat in grut part fan de Willemskade yn Harns ôfsletten. De dakbedekking fan in loads is los rekke.
10:54 oere: By Makkum is in wynsurfer yn 'e problemen rekke. De rêdingboat fan Hylpen en de SAR-helikopter binne alarmearre.
10:52 oere: Brânwacht Fryslân advisearret ruten ticht te dwaan om skea te foarkommen.
10:48 oere: De neijiersmerk op 'e Gordyk wurdt ôfslankt fanwege de hurde wyn. Der binne minder kreamen yn it sintrum. De merke is wol iepen.
10:46 oere: Meldings fan stoarmskea út Bûtenpost en De Lemmer.
10:40 oere: Steatsboskbehear advisearret kuierders út 'e bosken wei te bliuwen.
10:35 oere: Earste meldings fan stoarmskea yn Harns, Boalsert en Jiskenhuzen. Giet foarearst foaral om omfallen beammen.