Nijbou skoallen It Hearrenfean
Learlingen fan twa nije skoallen op It Hearrenfean koene moandei foar it earst it nije gebou yn. It spesjaal basisûnderwiis It Oerset en de ZMLK-Meester Duisterhoutskoalle foar bern mei learproblemen sitte yn ien gebou. De skoallen wachtsje al fyftjin jier op nijbou. De offisjele iepening folget letter.
It Oerset is hielendal ynrjochte foar learlingen fan it spesjaal ûnderwiis, bygelyks mei in spesjale keuken, in technykôfdieling, in fysioterapeut en in psycholooch. De Duisterhoutskoalle jout ûnderwiis oan learlingen oant 20 jier.