Treinsteuring Harns oplost

Tusken stasjon Harns en Harns-Haven rieden moandeitemoarn tusken 6 en 8.15 oere gjin treinen. Ferfierder Arriva melde op twitter dat der in steuring wie.
Der waarden bussen ynset. De ekstra reistiid lei tusken de 15 en 30 minuten.