Ups en downs yn amateurfuotbal
Yn de haadklasse C fan it amateurfuotbal wie der snein wikseljend súkses foar de Fryske ploegen. FVC gie yn de útwedstriid tsjin Quick '20 mei 7-0 hurd ûnderút. Ek gjin súkses foar De Jouwer. De debutant ferlear thús mei 4-0 fan RKHVV. De Jouwer bliuwt puntleas ûnderoan stean.
Winst wie der foar Snits Wyt Swart. Yn Hoogeveen waard in dúdlike 5-0 oerwinning pakt. Snits Wy Swart bliuwt dêrmei yn it spoar fan koprinner De Bataven.