Ter Mors wint, brûns foar Wüst
Ireen Wüst is freed op de earste dei fan it NK ôfstannen yn Thialf tredde wurden op de 1500 meter. Wüst ferdigene har titel fan ferline jier, mar moast hast in heale sekonde tajaan op de ferrassende winneres Jorien ter Mors. De shorttrackster ried in persoanlik rekôr fan 1.55,88. Lotte van Beek pakte it sulver mei in tiid fan 1.56,11, ek in persoanlik rekôr. Marrit Leenstra fan Wikel einige mei har 1.56,83 krekt neist it poadium. Se waard fjirde en is dêrmei wol wis fan in plakje foar de wrâldbeker.