'Frysk ûnderwiis moat better'
Steatssekretaris Sander Dekker fan Underwiis hat yn in brief oan de Twadde Keamer advizen jûn om de kwaliteit fan it skoalfak Frysk te ferbetterjen. It nivo fan it Frysk by learlingen út it basis- en middelber ûnderwiis yn Fryslân leit op it stuit te leech. Neffens Dekker kin dat nivo mei bygelyks sintrale tuskentoetsen en in digitaal folchsysteem ferhege wurde.
Yn it WTC yn Ljouwert waard freed op in konferinsje troch saakkundigen praat oer de takomst fan it Frysk yn it ûnderwiis.
Ien fan de sprekkers op 'Wat moatte wy mei dat Frysk yn 2020?' wie ûnderwiiskundige Wim de Boer fan de Afûk. Hy fynt it in goede saak dat digitale middels ynset wurde sille om it nivo fan skoalbern better yn kaart te bringen.